ferfal | verval
Op 21 augustus 2019 hie ik in fotoshoot mei myn penfreondinne fan doe Hetty. In frou yn ferfal (har wurden) fêstlein op in terrein mei wier ferfal: in autotsjerkhôf. Wat ik net witte koe, wie dat dit de lêste shoot wêze soe foar in lang skoft.
Op 29 augustus 2019 had ik een fotoshoot met mijn penvriendin van toen Hetty. een vrouw in verval (haar woorden) vastgelegd op een terrein met echt verval: een autokerkhof. Wat ik niet kon weten, was dat dit de laatste shoot zou zijn voor een lange tijd.
blommefamke | bloemenmeisje
De earste fotoshoot nei alle restriksjes wie op 6 juny 2021. Kontakt lein mei in nije kollega dy't wol foar de kamera ferskine woe. Yn kombinaasje mei har leafde foar natuer en blommen kaam de searje blommenfamke | bloemenmeisje ta stân.
De eerste fotoshoot na alle restricties was op 6 juni 2021. Contact gelegd met een nieuwe collega die wel voor de camera wilde verschijnen. In combinatie met haar liefde voor natuur en bloemen kwam de serie blommenfamke | bloemenmeisje tot stand.
mûlekapke | mondkapje
Yn deselde wike, op 10 juny 2021, hie ik gelyk ek myn twadde shoot fan it jier. Irena woe wol en woe net, mar fielde har om mear as ien reden feiliger as har gesicht wat bedutsen wie. Yn de tiid fan de mûlekapkes kaam dit moai út.
In dezelfde week, op 10 juni 2021, had ik meteen mijn tweede shoot van het jaar. Irena wilde wel en wilde niet, maar voelde zich om meerdere redenen veiliger als haar gezicht iets bedekt was. In de tijd van de mondkapjes kwam dit mooi uit.
twilling | tweeling
Fia in foto-opdracht fan myn wurkjouwer kaam ik oan myn tredde shoot yn 8 dagen tiid, op 14 juny 2021. Portretfoto's fan in twilling meitsje, mar dan op myn wize. Froulju fan in havenstêd, dus it Waad wie in tapaslike lokaasje.
Via een foto-opdracht van mijn werkgever kwam ik aan mijn derde shoot in 8 dagen tijd, op 14 juni 2021. Porterfoto's van een tweeling maken, maar dan op mijn manier. Vrouwen uit een havenstad, dus het Wad was een toepasselijke locatie.
modder | modder
In spontaan idee waard útwurke op 7 july, mei in foar my ûnbekende kollega. It mocht wat mei modder wêze, smoarch wurde wie gjin probleem. Ofspiele koe nei de tiid moai yn it Kanadamar.
Een spontaan idee werd uitgewerkt op 7 juli 2022, met een voor mij onbekende collega. Het mocht iets met modder zijn, vies worden was geen probleem. Afspoelen kon na de tijd mooi in het Canadameer.
wale | sluier
Dit jier ha ik wat mear ynspiraasje. Ien fan de téma's dy't ik útwurke ha is walen. Keunstsinnich, tsjuster. As de wyn mar in bytsje waaie wol.
Dit jaar heb ik iets meer inspiratie. Een van de thema's die ik heb uitgewerkt is sluiers. Kunstzinnig, duister. Als de wind maar een beetje wil waaien.
maïs | maïs
Nei rom sân mocht ik wer ris gearwurkje mei myn jonge âld-kollega Agnes. Eartiids leinen wy Readkapke op in oare wize fêst, diskear wie in maïsfjild it téma. De gearwurking wie sa goed, dat wy takom jier wer ris in searje meitsje sille.
Na ruim zeven jaar mocht ik weer eens samenwerken met mijn jonge oud-collega Agnes. In het verleden legden wij Roodkapje op een andere manier vast, deze keer was een maïsveld het thema. De samenwerking was dermate goed, dat wij volgend jaar weer eens een serie zullen maken.
blommen | bloemen
De earste searje fan 2025 wie mei kollega Gerda. Der moast wat mei blommen barre, mar dy binne yn dizze provinsje en ek noch ris yn dizze tiid fan it jier seldsum. Ymprovisearje, rûnreizigje en selskip smite noch wol in aardige searje op.
De eerste serie van 2025 was met collega Gerda. Er moest iets met bloemen gebeuren, maar die zijn in deze provincie en ook nog eens in deze tijd van het jaar zeldzaam. Improviseren, rondreizen en goed gezelschap leveren nog wel een leuke serie op.
farwol | vaarwel
Yn de lêste wike dat studinte Carla wer nei Mallorka moast, wie der krekt noch wat tiid om op it Waad in searje te meitsjen mei farwol as téma. Better yn 'e kunde mei-inoar kommen en in protte lake, ek al siet it ôfskie der oan te kommen.
In de laatste week dat studente Carla weer naar Mallorca moest, was er net nog wat tijd om op het Wad een serie te maken met vaarwel als thema. Elkaar beter leren kennen en veel gelachen, ook al zat het afscheid er aan te komen.